Plannen foar soarchhotel op It Hearrenfean

02 nov 2016 - 15:41
It stik grûn dêr't it soarchhotel fan Van der Valk mooglik komt - Foto: Omrop Fryslân, Feike Wouda

It Hearrenfean is yn byld as mooglik fêstigingsplak foar it twadde soarchhotel fan de bekende Van der Valkhotelketen. Van der Valk Vitaal hat no ien hotel yn Tiel en wol dit netwurk útwreidzje. Neffens Van der Valk is in oernachting yn in soarchhotel goedkeaper as yn in sikehûs. De hotelketen tinkt oan It Hearrenfean, om't dêr in kombinaasje mei Sportstêd mooglik is.

Skoatterwâld

It soarchhotel soe komme moatte by de entree fan wenwyk Skoatterwâld, fuort neist it sportpark fan VV Heerenveen. Op dit plak stiene yn de begjinjierren fan de wyk twa tydlike basisskoallen, mar dy binne jierren lyn ferhuze nei in oar plak. It terrein is no leech en wurdt by thúswedstriden fan SC Hearrenfean en fuotbaltoernoaien brûkt as parkearfjild.

(Advertinsje)
(Advertinsje)