Gjin ferfolchaksjes by brânwacht Ljouwert

02 nov 2016 - 15:22
Foto: Wendy Kennedy, Omrop Fryslân

De brânwacht yn Ljouwert fiert foarearst gjin aksje foar in bettere cao, no't de fakbûnen en de wurkjouwers in prinsipe-akkoart berikt ha. Deryn stiet ûnder oare dat leden fan de brânwacht net oant harren 62e hoege te wurkjen, mar al mei 59 jier mei pensjoen kinne.

De leden fan it korps yn Ljouwert kinne harren fine yn de haadlinen fan it akkoart. Dochs bliuwe der noch wol fragen oer guon regelingen. It fakbûn sil dêr de kommende tiid noch oer te set mei de wurkjouwers.

Definityf beslút

Neffens Jelle Peeringa fan de brânwacht wurde de definitive útkomsten yn desimber as jannewaris oan de leden foarlein. Dan sprekke se harren definityf út oer de útkomsten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)