FIDEO: Weromsjen op rêding hynders Noarderleech

02 nov 2016 - 15:13

Tsien jier lyn wie in grutte groep hynders op it Noarderleech in pear dagen wrâldnijs. Sawat twahûndert bisten wienen in pear dagen opsletten yn it wetter yn it bûtendyks gebiet by Marrum. Troch de hurde wyn en it hege wetter rekken se ynsletten troch seewetter dat oardel meter djip om har hinne stie.

Uteinlik hat in tal lokhynders mei amazônes de bisten fan de dobbe ôfkrigen en har it paad wiisd nei de feilige seedyk. Dat is tongersdei presys tsien jier lyn.

Rêding

It plan wie om ien fan 'e nuetere hynders fan 'e bûtendykse keppel mei te nimmen oan in halster en dat de oare hynders folgje soenen. Se koene op eigen krêft nei de wâl ta rinne, om't it wetter doe genôch sakke wie. In lêste hynder waard ophelle troch in groep fan rêders, omdat dy net sels oerstekke koe. Dat bist hat it úteinlik net rêden. Uteinlik ha sa'n tweintich hynders it bûtendyks aventoer net oerlibbe.

Weromsjen

Yn Fryslân Hjoed sjocht Miranda Werkman woansdei yn in reportaazje werom mei Aukje en Gerben Visbeek fan de Seedykster toer yn Marrum.

Trefwurden: 
Noarderleech hynders Marrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)