Fytsestalling Bûtenpost wurdt útwreide

De fytsestalling by it stasjon fan Bûtenpost wurdt grutter makke. Der binne op dit stuit faak al te min plakken yn de stalling, wylst der yn de takomst noch mear fytsen ferwachte wurde fanwege de ekstra sneltreinen dy't der tusken Ljouwert en Grins ride sille.
Doel is dat de gruttere stalling mei de Krystdagen klear is. Ek de nije kuierbrêge by it stasjon moat dan oplevere wêze.