Bernesintrum Loevestein op De Gordyk iepene

© ANP
Op De Gordyk is woansdei it bernesintrum Loevestein offisjeel iepene. Yn it sintrum oan de Berend Wapstrastrjitte binne de skoalle Loevestein en de berneopfang fan Kinderwoud byelkoar brocht yn in nij gebou.
Troch ekstra jild fan de gemeente Opsterlân koene yn it gebou ekstra enerzjybesparjende maatregels nommen wurde. Sa sitte der in soad ruten yn. Dêrtroch hoecht yn de skoalle en de berneopfang it ljocht minder faak oan. Mei sinnepanielen wurdt enerzjy opwekt.