Rahul Westerhoff: "Bliid dat ik adoptearre bin"

02 nov 2016 - 13:45

Nederlân moat ophâlde mei de adopsje fan bern út it bûtenlân. Dat advisearret de Raad voor Strafrechtstoepassing en Jeugdbescherming oan minister Van der Steur. Neffens it advysorgaan moat it belang fan de bern altyd foarop stean en net dat fan de winskâlden. Foar de RSJ is it wichtich dat bern yn eigen lân en mei de eigen kultuer opgroeie kinne.

Ljouwerter Rahul Westerhoff is 42 jier lyn adoptearre út Yndia wei. Hy is tige wiis dat er adoptearre is. "Ik was er anders niet meer geweest, als ik niet geadopteerd was door mijn ouders." Hy is it net hielendal iens mei it advys fan de Raad voor Strafrechtstoepassing en Jeugdbescherming.

Omslag

"Ik kan begrijpen dat het advies is om zo veel mogelijk adoptie in eigen land te houden. Maar ik kan me ook voorstellen dat er per geval bekeken kan worden of er adoptie naar Nederland toe kan", seit Rahul Westerhoff. Hy tinkt wol dat it better is om bern dy't âlder binne as twa jier net adoptearje te litten troch bûtenlânske âlden. "Voor deze kinderen is de omslag erg groot, daar kunnen veel kinderen heel lang last van ondervinden."

Trefwurden: 
adopsje Rahul Westerhoff
(advertinsje)
(advertinsje)