Afgaan Sámi is it lân útset

Op Skiphol is de Afgaan Sámi (23) út Ljouwert woansdei útset nei syn thúslân. Tsjin syn sin, want hy wol graach by syn frou Iris en har dochter fan oardel jier bliuwe yn Ljouwert. Mar al it ferset tsjin syn útsetting hat neat oplevere.
Iris wie woansdei op Skiphol. Net allinnich om mei eigen eagen te sjen hoe't har man op it fleantúch set waard, mar ek om noch in lêste protestaksje út fieren. Se woe flyers útdiele oer har situaasje oan passazjiers dy't op deselde flecht nei New Delhi sieten. Mar de maresjaussee ferbea de aksje.
Twa kear earder soe Sámi útset wurde, dat gie net troch. Hy moat no ûnder begelieding fia New Delhi nei Kabul fleane. Iris en Sámi binne al seis jier by inoar. Tiisdei hawwe se yn it útsetsintrum yn Rotterdam ôfskied fan mekoar naam.