Ynternet moat ûndernimmers noch mear helpe

It bedriuw Google jout yn desimber yn Ljouwert workshops oan ûndernimmers, om dy te learen hoe't se mei help fan ynternet grutter of noch grutter wurde kinne. Neffens Google prestearje bedriuwen dy't it op ynternet goed dogge better as bedriuwen dy't harren digitale saken net goed foarinoar hawwe. Undernimmers moatte harren yn it foar oanmelde en kinne dan mear leare oer saken as websiden, webshops en social media. Yn Grins kamen earder op sokke workshops alris 1400 minsken ôf. De workshops fan Google yn Ljouwert binne op 12 en 13 desimber.