Brân 't Skûthûs Warten is drama foar eigener

02 nov 2016 - 11:48
Foto: Kappers Media

De brân yn 't Skûthûs oan it Hellingpaed yn Warten is in grut drama foar eigener Derk Jan Lange. It hoarekapân giet dit jier fanwege de skea net mear iepen. Lange moat alle ôfspraken fan groepen dy't mei de feestdagen lâns komme soene, ôfsizze.

Hoe grut de skea is en wannear't it bedriuw wer iepengiet, kin Lange noch net sizze. De koarte, mar fûle brân hat benammen foar in soad reekskea oan it houten gebou soarge. It Skûthûs wie oant en mei augustus in restaurant, mar wie sûnt dy datum ynrjochte as evenemintelokaasje.

Trefwurden: 
brân Warten Skûthûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)