Oanlis parkearterrein Hollum stillein

02 nov 2016 - 11:25
De Coop yn Hollum - Foto: Google Street View

De oanlis fan in parkearterrein by de Coöp-supermerk yn Hollum op It Amelân is foarearst stillein troch de Ried fan Steat. Omwenners hiene beswier oantekene tsjin de oanlis. It is neffens har net dúdlik hoe grut as it parkearterrein wurdt en se binne bang foar wetteroerlêst om't de ôffier fan reinwetter net goed wêze soe.

Dêrneist binne de buorlju bang foar stjonkerij en lûdsoerlêst. De gemeente moat de plannen no op 'e nij op papier sette en it wetterskip moat in nij advys jaan oer in plan foar it ôfwetterjen.

De Ried fan Steat hat him net útsprutsen as der sprake is fan steatsstipe. Neffens de omwenners wie der sprake fan, no't de eigener fan de supermerk it parkearterrein fan de gemeente keapje wol, sadree't it oanlein is. Om romte te meitsjen foar it parkearterrein wurde fjouwer huzen sloopt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)