Jacques Monasch krijt gjin stipe fan Geen Peil
Jacques Monasch fan Snits hoecht net te rekkenjen op stipe fan Geen Peil yn syn stribjen om listlûker fan de PvdA te wurden. Dat skriuwt it Algemeen Dagblad fan 'e moarn. Geen Peil slagge der earder dit jier yn om in referindum oer it hannelsferdrach mei Oekraïne foarinoar te krijen. As se har achter Monasch pleatst hienen, hie dat de kânsen foar de Snitser belangryk grutter makke. Monasch makke tiisdei syn manifest bekend. Dêryn pleitet er ûnder oaren foar it ôfskaffen fan it Europeesk Parlemint.