Gjin strafrjochtlik ûndersyk nei ûngelok mei Switserske F-5

02 nov 2016 - 10:54
De F-5 kaam telâne yn in fiver by Bitgum - Foto: HVnieuws

Nei it delstoarten fan de Switserske F-5 by Bitgum komt gjin strafrjochtlik ûndersyk. Ut it feite-ûndersyk troch de keninklike maresjaussee en de loftfeartplysje docht bliken dat der gjin sprake west hat fan strafbere feiten.

It ûngelok op 9 juny wie it gefolch fan in botsing mei in oar tastel fan it Switserske stuntteam Patrouille Suisse dat in dei letter optrede soe by de iepen dagen fan de loftmacht op de fleanbasis. It oare fleantúch koe selsstannich op de grûn komme. De piloat fan it delstoarte fleantúch rekke licht ferwûne.

It tastel is oerdroegen oan de Switserske autoriteiten.

Trefwurden: 
Bitgum ûngelok fleantúch
(Advertinsje)
(Advertinsje)