Doeksen lit om min waar tal ôffearten nei Flylân ferfalle

De rappe boat fan Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen lit woansdei yn ferbân mei it waar oan de ein fan de dei in tal tsjinsten fan de rappe boat fan en nei Flylân ferfalle. It giet om de fearboat fan Harns nei Flylân om 17:20 oere, de boat fan Skylge nei Flylân fan 18:20 oere en de fearboat fan Flylân nei Harns fan 18:55 oere.
Der fart in ekstra tsjinst om 17.00 oere fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere fan Harns nei Flylân. Oan de ôffearten fan en nei Skylge feroaret neat.