Protte klachten fan studinten

02 nov 2016 - 07:47

Studinten hawwe noch nea sa'n protte klage as no. Der binne lanlik in rekôr tal klachten binnen kaam by universiteiten en hegeskoallen. Dat docht bliken út ûndersyk fan HOP, it parseburo foar heger ûnderwiis. Ek by Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert binne mear klachten binnen kaam. Wiene it der yn 2014 noch 65, ferline jier wiene it der 117. De measte klachten geane oer it stúdzje advys en oer de sifers op tentamens. Neffens Peter Mulder fan Stenden is it foar studinten makliker wurden om in klacht yn te tsjinjen en binne de belangen grutter.

Dat komt om't in stúdzje djoerder wurden is. It seit neffens him neat oer de kwaliteit fan it ûnderwiis.

(advertinsje)
(advertinsje)