Opskuor yn Akkrum nei mislearre ferkeap

© Jaring Rispens, CAMJO media
De plysje yn Akkrum hat tiisdeitejûn in man oanholden dy't by in efterfolging belutsen wie. Trije manlju soene rûzje krigen ha oer de ferkeap fan in telefoan. By de efterfolging ramden de twa belutsen auto's elkoar. De plysje kaam manmachtich yn aksje en koe ien man oanhâlde. Twa oare fertochten koene ûntkomme, troch yn it wetter te springen. Harren auto is yn beslach naam. De plysje siket út wat der krekt bard is.