Brân yn restaurant Warten

© Kappers Media
De brânwacht is tiisdeitejûn útriden foar in brân yn restaurant it Skûthûs oan it Hellingpaed yn Warten. By de brân ûntstie in soad reek yn it houten gebou. Der wiene neffens de brânwacht gjin minsken mear yn it gebou, doe't de brân útbruts. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der ûntstie wol reek- en wetterskea yn it restaurant.