FNP wol dat N354 by Tsienzerbuorren gau oanpakt wurdt

01 nov 2016 - 22:38
Foto: Camjomedia

De N354 by Tsienzerbuorren en Reduzum moat earder oanpakt wurde as pas yn 2018. Dat seit de Fryske FNP-fraksje. De partij stelt de oanpak fan de grutte dyk nei Snits oan de oarder yn de Steatekommisje. Oanlieding binne de resinte ûngelokken en hast-ûngelokken dy't op dit plak barre.

De FNP stipet de omwenners yn harren noed oer de feiligens fan de dyk. Doarpsbelang en omwenners hawwe harren nocht fan de oanhâldend ûnfeilige situaasje en de (hast-) ûngelokken.

Flitspeal

Klaas Fokkinga fan de FNP wol fan deputearre Sietske Poepjes witte oft hja ree is om de plande oanpak fan 2018 nei foarren te heljen. Ek wol er krekt as de bewenners tydlike maatregels. Lykas in flitspeal dy't yn it ferline derfoar soarge hat dat minsken minder hurd ride op dit bochtige stik fan de N354.

Goed harkje nei omwenners

De FNP trunet ek oan op goede kommunikaasje mei de omwenners. Fokkinga: "Der is noch mar frij koart lyn yn goed oerlis mei alle belanghawwenden in breed droegen oplossing keazen. It gefoel fan ûnfeiligens bliuwt lykwols, salang't der hieltyd wer ûngelokken barre. De provinsje soe dêrom hiel goed harkje moatte nei de minsken. De tydlike maatregels dy't doarpsbelang no foarstelt, moatte neffens ús gjin probleem wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)