Postma klimt op WK Finn

© Richard Langdon
Finn-siler Pieter-Jan Postma hat op 'e twadde dei fan it WK yn it Ingelske Falmouth goeie saken dien. Postma sylde nei it njoggende plak yn it klassemint. Nei in minne earste dei mei in 22e en in 14e plak waard hy op de twadde dei 11e en 4e.
Postma hat al in Olympyske nominaasje foar de OS fan London yn de bûse. Mar foar de definitive kwalifikaasje moat hy op dit WK yn de top-18 einigje en by de bêste 12 lannen. It WK duorret oant en mei freed 18 maaie.