Kuierders rinne alvestêdetocht

15 maaie 2012 - 08:05

1200 kuierders binne tiisdeitemoarn om sân oere begong oan de kuieralvestêdetocht. It is de 66ste edysje. De dielnimmers waarden fuortsketten troch Stefan Rekker, foarsitter fan de fytsalvestêdetocht. Oant en mei sneon wurdt der mei elkoar 207 kilometer ôflein.

De earste etappe tiisdei giet fan Ljouwert nei Sleat, woansdei wurdt der fan Sleat nei Warkum kuiere. De lêste etappe op sneon giet fan Dokkum nei Ljouwert en is mei 27 kilometer de koartste etappe. As beleaning krije de dielnimmers in alvestêdekrúske.

(advertinsje)
(advertinsje)