Occupy Ljouwert brekt ôf

14 maaie 2012 - 20:27

It Occupy tintekamp yn Ljouwert hâldt der ein dizze wike definityf mei op. De Occupy demonstranten stienen sûnt 10 novimber mei harren tinten oan de Lange Marktstrjitte. Se komme op foar in earlike ferdieling fan it jild en fersetten harren tsjin it grutkapitaal. Dêrom hienen se harren tinten ek bewust opslein yn it finansjele hert fan de Fryske haadstêd.

De aksjefierders sizze dat se frijwillich fuortgeane. Se ha te min minsken it kamp noch goed draaiende te hâlden. Freed sil it hielendal opbrutsen wurde.

Trefwurden: 
Occupy
(Advertinsje)
(Advertinsje)