Frysk bedriuw leveret drones foar bewaking Turkske grins

It lytse dronebedriuw CustomDrone fan de 20-jierrige Mark Woortmeijer út Wâldsein is hurd op wei ien fan de wichtichste spilers te wurden op de merk fan op maat makke drones. Sa makket Woortmeijer ûnder oare drones foar it bewaken fan de Turkske grins, it kontrolearjen fan wynmûnen en foar de agraryske merk.
CustomDrone is trije jier lyn oprjochte doe't Woortmeijer noch op skoalle siet. Hy hat no twa wurknimmers yn tsjinst. Meikoarten komme der nochris twa by.
Woortmeijer ferwachtet dat de groei der noch lang net út is, want der binne hieltyd mear bedriuwen dy't mei de fleanmasines oan de slach wolle.