Boerepolder yn Gaasterlân krijt mear natuerlike ynrjochting

De Fryske greiden binne oan it feroarjen © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De Gaasterlânske Séfonsterpolder krijt mear natuer. De polder by Riis feroaret fan lânbougrûn yn natuer. De polder makket diel út fan de ekologyske haadstruktuer, in lanlik netwurk fan natuergebieten. Deputearre Steaten hawwe tiisdei in gebietskommisje beneamd, dy't de provinsje advisearret oer de ynrjochting fan de polder. Yn de groep sitte fertsjintwurdigers út de streek mei ferstân fan natuer en lânbou.
Behear troch boeren
De kommisje hat nije leden, mar ek in nije ûnôfhinklik foarsitter: Sicko Heldoorn. "Moai dat dit prachtige boskrike gebiet yn it súdwesten fan de provinsje der natuer by kriget. It is fan belang dat de minsken yn de streek harren dêr ek by belutsen fiele. De kommisje kin dêr in weardefolle rol yn spylje. De fertsjintwurdigers út de streek fine behear fan natuergebieten troch lânbouwers winske", sa seit de nije foarsitter.
Ynrjochting
De Séfonsterpolder is 25 bunder grut en leit oan de eastkant fan de Rysterbosk. Yn in sône om de Rysterbosk hinne komme boskrannen. Dêrmei komt der in minder skerpe oergong tusken bosk en it oangrinzjende lânbougebiet. De boskrannen soargje foar de komst fan mear bijen, flinters en sjongfûgels. Fierder fan de bosk ôf komme wiete gerslannen dy't net bedonge wurde. Dertroch ûntstean der mear blomrike greiden mei plantesoarten lykas reade klaver. Ek moat it gebiet mear libellen en kikkerts oanlûke.
Rekreaasje
Net allinnich de natuer profitearret fan de nije ynrjochting, ek ynwenners fan it gebiet en rekreanten kinne aanst genietsje fan it gebiet. Sa wurdt yn de plannen gehoar jûn oan de winsk om menpaden oan te lizzen.
Hoe no fierder
Nei dit beslút fan Deputearre Steaten folgje der noch in pear stappen foardat ein 2017 de skeppe yn de grûn kin. Sa moat de gemeente de bestimming fan it gebiet noch feroarje fan in agraryske bestimming nei natuer. Dêrnei folget it ynrjochtingsplan dêr't minsken mei in belang dêrby op reagearje kinne. De wurksumheden binne mids 2018 klear.