UPDATE: Wâldwei wer iepensteld foar ferkear

Ungelok op Wâldwei © De Vries Media
De Wâldwei tusken Nyegea en Drachten is tiisdeitejûn om sawat tsien oere wer iepen gien foar it ferkear. By de ôfslach De Rottefalle kamen earder dy jûn meardere bestjoerders mei-inoar yn botsing. Wat de oarsaak fan it ûngelok is, is net bekend. Oft der ferwûnen binne, is ek net bekend.
Troch it ûngelok moast de Wâldwei ôfsletten wurde. Der ûntstie in file fan 3 kilometer. Ferkear nei Drachten moast omride oer It Hearrenfean.