Treinferkear yn Fryslân wurdt yn 2021 opnij oanbestege

01 nov 2016 - 20:31

Der komt yn 2021 in nije konsesje foar it regionale treinferkear yn Fryslân en Grinslân. Dat hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân en Grinslân tiisdei besletten. Se hawwe in programma fan easken opsteld foar it treinferfier yn beide provinsjes. Ien fan de ôfspraken dêryn is dat der yn 2019 in ekstra sneltrein ride sil tusken Ljouwert en Grins.

Oanbieders fan treinferfier kinne har begjin takom jier ynskriuwe foar de oanbesteging. Der komt dan mooglik in nije ferfierder yn plak fan Arriva. De konsesje moat yn 2021 yngean. Hy duorret oan 2035.

Takom simmer wurdt besletten wa't it treinferfier fersoargje sil. Op dit stuit ride der treinen fan Arriva op it spoar Ljouwert-Grins, Ljouwert-Harns-Haven en Ljouwert-Starum.

Trefwurden: 
treinferkear trein Arriva
(advertinsje)
(advertinsje)