Wopke de Vegt fuort by KNSB

Wopke de Vegt © ANP
Wopke de Vegt ferlit reedrydbûn KNSB. De eardere bûnscoach wurdt technysk direkteur by de Nederlandse Ski Vereniging. De Vegt wie sûnt 1988 aktyf yn de reedrydwrâld en wurke de lêste 7 jier foar de KNSB.
Yn 2006 waard er bûnscoach, mar in jier lyn degradearre de bûn him ta teammanager fan de nasjonale ploech. Dêrom kiest hy no foar in nije útdaging.