Stienmurd rukt op fan sângrûn nei de klaaihoeke

01 nov 2016 - 18:18

Hieltyd mear minsken hawwe lêst fan de stienmurd. By it meldpunt dat de provinsje seis jier lyn ynsteld hat, komme alle wiken in stikmannich klachten binnen. En it wurde hieltyd mear, seit Gerrit Tuinman fan it meldpunt. Hy ferwachtet dit jier mei-inoar 150 klachten.

Wy hawwe it drok de lêste tiid, seit Tuinman, al soe dat ek komme kinne trochdat de bekendheid fan it meldpunt tanimt. De measte klachten komme út Drachten, mar de stienmurd komt ek hieltyd mear foar yn de kaaihoeke, seit Tuinman. Der komme no ek klachten út Frjentsjer.

Bestriding dreech

De stienmurd is beskerme. Dêrtroch is it dreech om de bistkes te bestriden. As jo der echt fan ôf wolle, moatte jo de hiele populaasje útrûgje. Allinnich as jo se allegearre deameitsje, kinne jo der wis fan wêze dat se net weromkomme, seit Tuinstra. As jo ien fuortjeie of fange en dan earne oars wer frijlitte, komt der samar wer in nijenien foar yn it plak. Dat komt omdat de stienmurd in rook achterlit dêr't oaren op ôfkomme.

Krantepapier

It iennige dat jo dwaan kinne, is soargje dat it hûs ticht is. In stienmurd kin wol troch in gatsje fan fjouwer sintimeter krûpe, seit Tuinstra. As er by minsken thúskomt dy't lêst fan in stienmurd hawwe, siket er altyd om sokke gatsjes. Mar hy makket se net fuortendaliks ticht, want as der in stienmurd yn de muorre sit, kin dy der net mear útkomme. Tuinstra docht altyd in prop krantepapier yn it gat. As dat der nei in pear dagen noch yn sit, betsjut dat dat der gjin murd yn sit. Pas dan makket er it gat hielendal ticht.

Nuttich

Mar leaver docht Tuinstra hielendal neat tsjin de bisten. Se binne ek hiel nuttich, seit er. Sa ite se mûzen en rotten. Echt kwea kinne se net. Wy moatte foaral leare te libjen mei de bisten, seit Tuinman.

Trefwurden: 
stienmurd Gerrit Tuinman
(advertinsje)
(advertinsje)