Leerstoel foar trekfûgels

14 maaie 2012 - 20:18

Theunis Piersma hat in learstoel trekvogelecologie krigen oan de Ryks Universiteit Grins. De kommende tsien jier kin hy him no folslein talizze op ûndersyk nei trekfûgels. Piersma docht no ek al ûndersyk nei dizze fûgels, mar hie derby noch in soad oare taken. Dy wurde no fan him oernaam.

De learstoel wurdt betelle troch it Wereld Natuur Fonds en de Vogelbescherming. Dy hawwe lykwols gjin ynfloed op it ûndersyk. Piersma hopet dat troch syn ûndersyk de fûgelstân fan de trekfûgels oer de hiele wrâld better wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)