Aldereinsoarch Pasana fierder ûnder nije namme Elkander

© ANP
Pasana Aldereinsoarch hat sûnt tiisdei in oare namme: Elkander. Der is foar in nije namme keazen, omdat Pasana op in minne namme leit fanwege it fallisemint fan 'e organisaasje. In soad bewenners, famylje, meiwurkers en frijwilligers fûnen dat der in nije namme komme moast.
Pasana gie twa jier ferlyn fallyt. Dat soarge foar in soad ûnrêst yn de regio. De Kwadrantgroep naam de âldereinsoarch doe oer.