Dongeradiel wol ôf fan yllegale strjitnammebuordsjes

01 nov 2016 - 16:29
Gemeente Dongeradiel

De gemeente Dongeradiel wol it net mear lije dat minsken sels strjitnammebuordsjes ophingje. It gebeurt hieltyd faker dat der net-offisjele buordsjes op gebouwen hongen wurde. Dat mei dan wol leuk wêze, seit de gemeente, mar it kin ek foar problemen soargje.

It kin bygelyks gebeure dat helptsjinsten in ferkearde strjitnamme trochkrije, as der wat gebeurd is en se wurde oproppen. Fanwege de feilichheid sil Dongeradiel dêrom optrede tsjin yllegale strjitnammebuordsjes.

(advertinsje)
(advertinsje)