"Bliid dat Stasjonsbrêge yn Frjentsjer wer iepen is"
Undernimmers yn Frjentsjer binne bliid dat de Stasjonsbrêge wer iepen is foar autoferkear. De winkels dy't by de brêge yn de buert sitte ha in skoft lang minder klanten hân omdat se net goed berikber wiene.
De 60-jier âlde stasjonsbrêge is ferfongen. Foar de fytsers en fuotgongers wie tydlik in brêge oanlein, mar auto's moasten in hiel ein omride. De ûndernimmers sizze dat se dêrtroch wol skea oprûn ha. Sûnt de brêge ferline wike wer iepen gien is, fernimme se al dat wer mear minsken nei de winkels komme.