Harnzer mei gjin kontakt mear sykje mei hoteleigener

01 nov 2016 - 15:16

In 42-jierrige Harnzer mei fan de Ljouwerter rjochtbank twa jier lang gjin kontakt ha mei de eigener fan in hotel yn syn wenplak. De Harnzer hat de hotelbaas mishannele en besocht him ôf te parsen. Neist it kontaktferbod krige de Harnzer acht moanne selstraf, werfan 4 ûnder betingst, en moat hy de eigener hûnderten euro's skeafergoeding betelje.

Neffens de Harnzer hie syn freondinne dy't yn it hotel wurke hat, noch jild fan de eigener tegoede. Hy begûn de man te bedriigjen en sloech him yn it gesicht. Dêrtroch bruts in tosk fan de man.

(advertinsje)
(advertinsje)