Nije proeven mei selsridend ferfier yn hiele noarden

Selsridend buske yn Appelskea © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Der komme nije proeven mei selsridend ferfier yn Fryslân, mar ek yn Grinslân en Drinte. De proef yn Appelskea waard moandei ôfsletten en wurdt no evaluearre.
By de start fan de proef yn Appelskea hiene de trije noardlike provinsjes ôfpraat dat Noard-Nederlân ít proefgebiet foar selsridend ferfier wurde moat. De kommende twa jier ride der bygelyks buskes sûnder sjauffeur nei de fêsting yn Bourtange en nei sikehûs fan Skeemda.