Belestingfraude: FIOD pakt echtpear út Eaststellingwerf op

01 nov 2016 - 14:36
Foto: ANP

In echtpear út de gemeente Eaststellingwerf is oanholden foar belestingfraude. De FIOD fertinkt se derfan dat se ynformaasje foar de belestingtsjinst achterholden hawwe. Ek hawwe se sûnt 2008 nei alle gedachten gjin goede belestingoanjeftes dien.

Njonken it echtpear út Eaststellingwerf is ek in echtpear út de gemeente Veghel oppakt en twa mannen út Eindhoven en de gemeente Craenendonk. De fertochten soene mei de fraude tonnen fertsjinne ha. It jild stiet op bûtenlânske rekkens neffens de FIOD.

Sels sizze de fertochten dat dit net wier is.

(advertinsje)
(advertinsje)