It Fryske ferkear hat seis 'lanlike' knyppunten

ANWB-leden ûnderfine in soad hinder op diken yn Fryslân. Automobilisten hawwe 150 knyppunten meld. Fan de lanlike top 100 fan de grutste knyppunten dy't de ANWB hjoed presintearre oan de Twadde Keamer, binne der seis yn Fryslân.
It measte opûnthâld is by brêgen, wêrûnder dy yn de provinsjale dyk troch De Lemmer en de brêgen yn Snits en Ljouwert. Dêrneist neame bestjoerders de rotonde by De Jouwer en de brêgen yn de A7 by Koarnwertersân en de A6 by Skarsterbrêge as hinderlike knyppunten.
De list fan grutste knelpunten yn Fryslân: