Fandalen traapje spegels fan auto's op De Jouwer

Fernielings auospegels © Omrop Fryslân
Unbekenden hawwe op De Jouwer yn de nacht fan moandei op tiisdei mear as tsien auto's fernield. It giet om auto's dy't parkeard stiene yn de Ulekamp, Stasjonstrjitte, Roggemolen en de Driessenstrjitte. Yn it foarbygean ha de fandalen de bûtenspegels fan de auto's skopt en slein. Nei alle gedachten wie dat om in oere as twa nachts. Meardere eigeners hawwe oanjefte dien.
De plysje slút net út dat mear auto's fernield binne. Minsken dy't mear witte wurdt frege har by de plysje te melden.