Trije sûne skoallen derby

De skoallen De Beuk yn Sint-Nyk, De Brêge yn Skarsterbrêge en 't Swannestee yn Langwar meie har tenei 'sûne skoalle' neame. Se ha mei-inoar betocht hoe't se de bern bybringe wolle hoe belangryk it is om sûn te iten. De bern krije der les oer en der binne ek ôfspraken makke oer sûn iten op skoalle. De âlden fan de bern koene der ek oer meiprate. De skoallen krije moarn in offisjeel sertifikaat.