'Noordenaars' wol keunst yn it noarden mear sichtber meitsje

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
In tal noardlike keunstners en eksposysjeromten wurket tenei mear mei-inoar gear om de keunst yn it noarden better op de kaart te setten. Dat dogge se ûnder de namme Noordenaars. It giet har der benammen om, om nije keunst mear foar it fuotljocht te bringen. Mei allegear inisjativen ôfsûnderlik wol dat lang sa goed net as troch mei mekoar gear te wurkjen, sizze se.
Yn it kollektyf sitte ûnder oare Kunsthuis SYB yn Beetstersweach, Media Art Fryslân en VHDG yn Ljouwert.