Boargers: Wat ferwachtsje jim fan Waadhoeke?

31 okt 2016 - 23:09

Goed harkje nei de boargers en de mooglikheid om ynfloed út te oefenjen op besluten foardat dy naam binne. Dat wienen in pear punten dy't moandei nei foaren kamen yn Winsum by de earste fan fjouwer petearen oer de takomst en fisy fan de nije gemeente Waadhoeke. Dy bestiet út Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en fjouwer doarpen fan Littenseradiel.

De nije gemeente is op 1 jannewaris 2018 in feit. De fisy foar de takomst is klear mar moat noch foarm krije yn de praktyk. En dêr kinne de ynwenners oer meiprate.

Trefwurden: 
Waadhoeke Winsum petearen
(Advertinsje)
(Advertinsje)