Undernimmers wolle âlde túnsintrum feroarje yn 'glêzen merk'

31 okt 2016 - 21:57

It eardere túnsintrum oan De Veiling yn Dokkum moat in oerdekt moetingsplak wurde foar minsken út de regio. Dat is it plan fan de ûndernimmers Tjishe van der Meer út Bûtenpost en Sietze de Kievit út Aldwâld. It duo hat in koöperaasje oprjochte ûnder de namme "Glêzen Merk".

Yn it oerdekte moetingsplak moatte ûnder mear in streekmerk mei 40 oant 50 kreamen, in boartersparadys, ateliers foar regionale keunstners en ferskate hoarekasaken komme. Van der Meer en De Kievit binne noch dwaande mei regeljen fan de finansiering.

De ûndernimmers roppe minsken op om jild te jaan fia mienskipsstipe. Ek hoopje se ferskate subsydzjes te krijen. Der moat mei-inoar in pear ton op it kleed komme om útein te setten, seit De Kievit. As alles slagget, kin it oerdekte moetingsplak oan de ein fan de simmer 2017 iepen, sa sizze de ûndernimmers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)