Jong Hearrenfean 2-2 tsjin NAC Breda

31 okt 2016 - 21:46

Jong Hearrenfean spile moandei mei 2-2 gelyk tsjin de beloften fan NAC Breda. De Feansters kamen al yn de tredde minút op foarsprong troch in goal fan Michel Vlap. Yn de 22e minút wie it NAC dat mei in kopbal fan Bart Meijers op likense hichte kaam, mar tsien minuten letter skoarde Michel Vlap wer, no op oanjaan fan Luciano Slagveer.

Fuort nei rêst makke NAC wer gelyk troch in goal fan Grad Damen. It spul gie dêrnei op en del mei foar beide ploegen kânsen op de 3-2, mar dy kaam der net.

Jong Hearrenfean behâldt syn liedende posysje. Se hawwe no 13 punten út seis wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)