Jong Cambuur set Heracles op 2-1 ferlies

31 okt 2016 - 21:43
Foto: Omrop Fryslân

De beloften fan Cambuur hawwe moandei mei 2-1 wûn fan Jong Heracles. De earste kânsen wiene foar de ploech út Almelo, mar yn de 22e minút skoarde Danny Bakker foar Cambuur. Hy reagearre alert op it sleauwe rûnspyljen fan Heracles. Dy krigen dêrnei noch wol in pear grutte kânsen, mar keeper Bos stie goed te keepen. Fuort yn de twadde helte waard it út in hoekskop 1-1, mar yn de 66e minút skoarde Gino Bosz de winnende goal foar Cambuur.

Heracles gie noch fûleindich op jacht nei de lykmakker, mar dat slagge net. Cambuur hat no fjouwer punten

(Advertinsje)
(Advertinsje)