Fryske boeren rinne net waarm foar trekkerbumper

Der is by leanbedriuwen en boeren yn Fryslân net in soad belangstelling foar in spesjale trekkerbumper. Dat seit Jurjen Krikke fan it meganisaasjebedriuw Martien Visser op 'e Jouwer.
De bumpers binne bedoeld om de feiligens fan trekkers op 'e dyk te fergrutsjen. By in botsing mei bygelyks in auto rydt de trekker dêr net oer hinne mar skoot er him oan de kant. Datselde jild foar fytsers. Neffens RTV Noord is der yn Grinslân wol in soad belangstelling foar de bumper.
Martien Visser op 'e Jouwer hat de bumper al twa jier te keap, mar hy hat yn dy tiid noch nea ien ferkocht. Krikke tinkt dat ûndernimmers hjir de kosten fan sa'n 3000 euro te heech fine. En oant no ta binne der noch net safolle ûngelokken mei trekkers bard om de bumper ferplicht te stellen.