Akkoart oer pensjoen brânwacht: it bliuwt op 59 jier stean

31 okt 2016 - 19:13
Brânwacht - Foto: Remon Koene

Brânwachtminsken hoege dochs net oant harren 62e jier troch te wurkjen. Dat is it resultaat fan de CAO-ûnderhannelings. It pensjoen bliuwt op 59 jier stean. De gemeenten woene it pas jierrren letter útkeare, mar dat soarge foar grutte wjerstân by de brânwachtminsken. Sy fine soks ûnferantwurde fanwege it swiere en gefaarlike wurk dat se dogge. Se kamen de ôfrûne moannen dan ek geregeld yn aksje tsjin de plannen.

De CAO moat noch wol fierder útwurke wurde en oan de fakbûnsleden foarlein wurde.

Trefwurden: 
brânwacht pensjoen CAO
(advertinsje)
(advertinsje)