Undernimmers werom nei de skoalbanken yn Ljouwert

31 okt 2016 - 19:06

De nije stichting Netwurk Nederlân Business Akademy (NNBA) begjint ynkoarten mei kursussen foar ûndernimmers yn Ljouwert. HBO - en MBO-dosinten jouwe ûndernimmers les op ferskate terreinen. Dat kin bygelyks in kursus sosjale media wêze foar ûndernimmers dy't lange tiid op in tradisjonele manier wurke hawwe.

De NNBA wol sa ûndernimmers helpe. Seker begjinners hawwe sûnder help problemen te oerlibjen. In folsleine kursus fan acht wiken kostet twatûzen euro. Dêrfoar krije se coaching en binne se lid fan in netwurkklup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)