SC Hearrenfean bekeret op tiisdei en Cambuur op tongersdei

31 okt 2016 - 18:13

Hearrenfean spilet op tiisdei 13 desimber tsjin IJsselmeervogels. It giet om de wedstriid yn de tredde ronde fan de KNVB-beker. De útwedstiid begjint dy jûn om kertier foar njoggenen.

Cambuur spilet twa dagen letter yn eigen stadion tsjin Ajax. Dat begjint om healwei sânen. Fanwege it bekerduel wurdt de kompetysjewestriid fan Cambuur tsjin RKC in dei ferskood. Dy wedstriid wurdt no op sneintemiddei 18 desimber om healwei trijen spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)