"Twadde supermerk op Antoniusplein Snits moat mooglik wêze"

It Sint Antoniusplein yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Der moat gewoan in twadde supermerk komme kinne yn it winkelsintrum oan it Sint Antoniusplein yn Snits. Dat hat de eigener fan it winkelkompleks moandei sein yn in sitting by de Rie fan Steat. Der sit no in Albert Heijn, en der hat ek in Lidl sitten. Mar dy is fuortgien, omdat minsken yn de buert tefolle lêst hiene fan it leven troch it laden en lossen.
De gemeente wol net mear winkels oan it plein hawwe, ek om leechstân yn it sintrum foar te kommen.
Súdwest-Fryslân wol dêr allinnich winkels hawwe dêr't yn it sintrum gjin plak foar is. Dêr is de eigener fan it winkelsintrum it net mei iens. De Rie fan Steat bûcht him de kommende tiid oer it skeel.