Partij voor de Dieren sil op wurkbesite by Aqua Zoo

31 okt 2016 - 17:52

De Fryske steatefraksje fan de Partij voor de Dieren sil op wurkbesite nei Aqua Zoo. De dieretún wol de partij graach sjen litte hoe't se mei de bisten omgean en hoe't de fokprogramma's opset binne.

De Partij voor de Dieren hat yn it nije ferkiezingsprogram opnaam dat dieretunen ticht moatte. Bistetunen en oare foarmen fan 'vermaak' binne net mear fan dizze tiid. Dêrom moatte se ferdwine of feroarje yn in tydlike opfang foar bisten dy't net mear yn harren oarspronklike wengebiet libje kinne, fynt de partij.

Franksjefoarsitter Rinie van der Zanden naam de útnûging om del te gean yn in live-útsjoering fan de Omrop oan. Se sil dus meikoarten mei de fraksje op wurkbesite nei Aqua Zoo.

(advertinsje)
(advertinsje)