Bou soarchapparteminten yn Frjentsjer úteinset

31 okt 2016 - 17:35

Yn Frjentsjer is de earste peal slein foar 22 soarchapparteminten oan de Noarderbleek. Op dat plak stie earder in skoalle. Nei neidat de berne-opfang derút gien wie, stie it gebou in skoft leech. Ferline jier is it leechsteande gebou ôfbaarnd.

De soarchapparteminten binne bestimd foar minsken mei in fysike of in ferstanlike beheining, dy't selsstannich wenje wolle. It gebou kriget twa wenlagen. De apparteminten wurde foar de boufak fan 2017 oplevere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)