Redústers easkje feiliger N354 nei safolste ûngelok

31 okt 2016 - 17:31

De bewenners fan de Tsienserbuorren by Reduzum binne it mear as sêd. Ofrûne wykein gie it foar de safolste kear mis op de provinsjale dyk N354 by it doarp. Der moat no echt wat barre, fine se.

In auto rekke sneintemiddei yn in slip en botste frontaal op in oare auto. Fiif minsken, wêrûnder twa bern, rekken ferwûne by it ûngelok en moasten nei it sikehûs brocht wurde. De helptsjinsten kamen massaal yn aksje. Dat wie net foar it earst dit jier.

Sa wie der bygelyks yn maart ek al in frontale botsing op deselde dyk by Reduzum, mei twa ferwûnen. Yn febrewaris rekke in frou ferwûne doe't se fan in syddyk ôf de N354 opride woe en in buske oer de holle seach. En sa giet it al jierren.

Maatregels te let

Der wurdt al lang praat oer maatregels. Sa soe it krúspunt oanpakt wurde en de dyk foar in part smeller makke wurde. Bedoeld om de snelheid derút te heljen. Dizze maatregels wurde lykwols pas yn 2018 útfierd. Dat is fiersten te let, sa fynt doarpsbelang Reduzum. 

It is wachtsjen op it earste deadlike ûngelok, sa sizze de bewenners. Se wolle dan ek opnij om tafel mei de provinsje en easkje maatregels. Want it is sa stadich oan ien minút oer tolven. Mar yn eardere petearen hat de provinsje al oanjûn foarearst neat te sjen yn it oanpakken fan de gefaarlike bochten.

Trefwurden: 
ûngelok Reduzum N354
(advertinsje)
(advertinsje)