Problemen mei ferfanging, skoalbern mooglik nei hûs stjoerd

31 okt 2016 - 17:14

It tekoart oan personiel yn it ûnderwiis is sa grut dat de kommende tiid miskien wol klassen nei hûs stjoerd wurde sille. Alden fan bern op basisskoallen fan it Protestantsk Kristlik ûnderwiis yn Smellingerlân hawwe dat yn in brief meidield krigen.

It probleem spilet op in hiel soad skoallen yn Fryslân. De wet Werk en Zekerheid spilet in grutte rol, mar ek de útstream fan âldere learkrêften en de oanlûkende merk. Underwizers kinne folle mear kieze tusken skoallen en wikselje dêrtroch folle gauwer fan baan.

Neffens direkteur Bas van Loo fan it PCBO Smellingerlân sille skoallen it belied oanpasse moatte. Sa fynt er dat âldere learkrêften mear as ynfaller ynset wurde moatte en jonge dosinten mear fêstichheid bean wurde moat. Van Loo wol PABO-studinten ek al earder oan de skoallen bine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)